De erfenis fan Jacob Klaver (diel 2)
Fan mear keatshistoarysk belang is dan ek de ûntdekking fan in foto fan Jacob Klaver yn in famylje-album. Oant no ta wie der mar ien foto fan Jacob Klaver bekend en dêrop wie hy te sjen as in âld man. Op de foto dy’t no foar it ljocht kommen is, sjogge we Jacob Klaver as in jongfeint. Sawol foar de keatshistoarje as ek foar ús keatsferiening is dizze foto in prachtige fynst. De foto siet yn it famylje-album njonken in kaartsje fan syn houliksoankundiging en njonken in foto fan syn takomstige frou. It hat der dan ek alle skyn fan dat de foto heechstwierskynlik makke is yn 1877 doe’t er op 22 jierrige leeftiid troude mei Geertje Andriesse fan Hûns. It jier dêrfoar hie er yn Frjentsjer mei “alles oan de hang” de PC wûn. Jacob Klaver dy’t berne wie yn 1855 is 90 jier wurden en ferstoar op 19 desimber 1946 by syn dochter Janna yn Hurdegaryp, dêr’t er ek te hôf brocht is.
Geplaatst op 15 June 2010